AlgemeenVoorwaardenPrivacyContact
 
Bijwerken
Oars buorkje is de takomst

Oars buorkje is de takomst

Uitgebracht: 2026-03-04
© Omrop Fryslân
Oars buorkje is de takomst - QR Code
4 afleveringen
Audio
Luister in Apple Podcasts
4 afleveringen
Audio
Luister in Apple Podcasts
Uitgebracht: 2026-03-04
© Omrop Fryslân
Meest recente aflevering
#4: Boeren en natuer

#4: Boeren en natuer

Nico Minnema advisearret boeren oer hoe om te skeakeljen nei in foarm fan regenerative lânbou. Meinte Engelmoer wie ekolooch by de provinsje. Hy hat in hiel soad ferstân fan it lânskip. In petear oer it spanningsfjild buorkjen en natuer. Hoe stiet d
Tijd: 1:05:56
Nico Minnema advisearret boeren oer hoe om te skeakeljen nei in foarm fan regenerative lânbou. Meinte Engelmoer wie ekolooch by de provinsje. Hy hat in hiel soad ferstân fan it lânskip.
In petear oer it spanningsfjild buorkjen en natuer. Hoe stiet de natuer derfoar? In tipke fan de sluier: se binne wol aardich optimistysk."
Aflevering-ID: 1000753023462
GUID: https://s-d15f8b0b.b.cdn.bluebillywig.com/omropfryslan/media/2026/02/26/asset-7183150-1772109607832293.mp3
Releasedatum: 4-3-2026 08:49:00

Beschrijving

De lânbousektor leit al jierren ûnder in fergrutglês. Te hege CO2, metaan en stikstofútstjit, te folle dong, zoönose, soargen oer bistewolwêzen, boaiemoantaasting, fersmoarge grûnwetter en noch folle mear. De boer hat it der mar drok mei.
Dyselde boer soarget ek foar ús iten, ús sûnens, de grûn, it lânskip en de greidefûgels dêr't we sa wiis mei binne . De polityk slagget der al desennia lang net yn om mei helder belied in goede balâns te finen tusken in sûne wrâld en in goed stik brea foar de boeren.
Hat regenerative lânbou de takomst? Dizze wize fan buorkjen kombinearret de produksje fan iten mei natoerwerstel en wol it útputten fan de boaiem tsjingean. It draacht by oan in better miljeu en in duorsum takomstperspektyf foar Nederlânske boerebedriuwen.
Yn in fjouwerdielige podcastrige besiket Gerrit de Boer mear dúdlikheid te krijen oer de takomst fan de lânbou yn Nederlân. Is de oplossing regenerative lânbou?

Apple Podcasts: Recensies van klanten

Geen item