Meest recente aflevering
Wike 13 - Training 1

Wike 13 - Training 1

Training 1  20 minuten hurdrinne Wy binne oankaam by wike 13, de lêste fan ús training. Dizze wike mar ien training fan 20 minten hurdrinne. Foar de lêste kear: hurdrincoach Jaring de Groot oer de generale repetysje De wike fan de wierheid. It is no
Tijd: 26:03
Training 1  20 minuten hurdrinne Wy binne oankaam by wike 13, de lêste fan ús training. Dizze wike mar ien training fan 20 minten hurdrinne. Foar de lêste kear: hurdrincoach Jaring de Groot oer de generale repetysje De wike fan de wierheid. It is no eins wachtsjen op snein. Besykje de wike safolle mooglik te relativearjen en sjoch út nei snein datst ien fan de gelokkigen bist om mei te dwaan oan de Simmer yn Fryslân-loop, ûnderdiel fan de BurgumRun. Noch in oantal tips foar snein: • Betiid fan bêd en genietsje fan in goed moarnsbrochje. • Soargje derfoar datst genôch drinkst. • Sjoch nei it waar wat foar hurdrinklean datst oan ha moast. Lis dyn hurdrinklean en -skuon klear. • Nim noch wat te iten mei foar ûnderweis of krekt foar de start. Nim ek in bidon mei wetter of sportdrank mei. • As it mooglik is, kom dan op de fyts. Dat is maklik parkearje en sa hast ek automatysk al wat dien oan de warming-up. • Kom op tiid! Soargje datst om 13.30 oere op it terrein fan de Elektrisiteitssintrale yn Burgum bist (Koumarwei 2). • Dan kinst dyn startnûmer ophelje yn de ynskriuwtinte op it terrein. Dit startnûmer makkest mei spjelden (krigest der by!) fêst op de foarkant fan dyn shirt. • Kinst dy omklaaie yn spesjale klaairomtes op it terrein. • Nim dan de tiid foar de warming-up. • Nei de start fan de Simmer yn Fryslân-loop. • Besykje yn it startfak in goed plak te finen. De flugge rinners foaroan en de rest dêrachter. • Nei de start rinst automatysk oer de matte dy't dyn starttiid registrearret en rin dêrnei yn dyn eigen tempo. Genietsje foaral ek fan de moaie omjouwing. • Underweis binne der twa fersoargingsposten en nei de finish ien. Meitsje hjir gebrûk fan. Der is wetter en sportdrank. • Nei ôfrin krigest in oantinken oan de Simmer yn Fryslân-loop. • Kinst dy wer omklaaien. Der is ek gelegenheid om te dûsen. Sukses! Jaring de Groot
Aflevering-ID: 1000487349528
GUID: fb7efd7c-8425-86c2-815a-50ad1a27bf4c
Releasedatum: 2-9-2015 07:00:00

Beschrijving

3...2...1... Start! Rin dy 'Fit mei Femke', in trainingsprogramma fan trettjin wiken hurdrintraining mei podcasts yn it Frysk ynsprutsen troch presintatrise Femke de Walle. De trainingen binne makke troch Omrop Fryslân-buroredakteur én hurdrin-coach Jaring de Groot. De begjinnende hurdrinner wurdt dêrmei holpen om yn koarte tiid 5 kilometer hurdrinne te kinnen. Fit mei Femke fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.

Recensies van klanten

👍🏼

 – 
Birdeto
 – 
2018-11-13
Super te doen. En niet alleen in de Simmer!
Dus die tips en de oproep voor de simmer yn fryslan loop zijn niet up to date. Maar dat stoort mij verder niet.
Tige tank Femke.

Super leuk!

 – 
RikkieA
 – 
2017-04-08
Net begonnen maar tot nu toe goed te doen. Leuke muziek! Ik ga der voor. Jij ook?

Ideaal voor beginners!

 – 
Sportylifestyle🍀
 – 
2015-06-22
Erg makkelijk te volgen en leuk met de verschillende muziekstukjes. Goed vol te houden. Ik zou zeggen doen!